Alle jierren organisearret Stichting It Fryske Berneboek de berneboeketiid. In fêst ûnderdiel dêrfan is de poëzyposter. In dichter wurdt keppele oan in yllustrator en tegearre meitsje dy in poster dy’t by skoallen en biblioteken delstjoerd wurdt. De earste poster ferskynde yn 1997. It tema fan de berneboeketiid wie doe “Eartiids yn berneboeken.” Op it motto “De Tiidmasine” skreau Jacobus Q. Smink in gedicht en Karin Poiesz fersoarge de yllústraasje. It duo Nanne en Ankie hat it gedicht fan Smink, en de alve oare oant no ta ferskynde postergedichten, op muzyk set. It risseltaat, de cd Smûzje, waard ôfrûne sneon yn Burgum presintearre.
Nanne Kalma en Ankie van der Meer spylje al hast tritich jier tegearre. Se troffen mekoar yn de folkgroep Irolt en spilen letter yn de groepen Kat yn’t Seil, Liereliet en Kajto. De lêste jierren hawwe se as Nan ’n Ankie meardere albums útbrocht, Frysktalich, mar ek yn it Ingels en it Esperanto. Yn Burgum spile it duo alfêst fjouwer ferskes fan Smûzje, yn útklaaide ferzjes: allinne sang en gitaar. Op de cd binne mear ynstruminten te hearren, ûnder oaren kontrabas, mandoline, kazoo, konsertina en synthesizer. De bern fan sjonggroep Maatje Groot soargje foar fokale stipe.
De measte auteurs skreaunen by it tema dat sy krigen tagonklike fersen, op rym, yn in strak ritme en mei koepletten. Lykas Hûndert Hobby’s fan Jelle Bangma (2001, tema: Woansdeitemiddei frij), oer Katelijntje van der Woude, dy’t it sa freeslik drok hat. Nan ’en Ankie makken der in ferske by dat hielendal oanslút by de rike tradysje fan de folkmuzyk: heldere wurden, songen op ripe melodyen en akkoarden. Dat jildet ek foar it rebelske Ay Ay Kapitein fan Jurjen van der Meer (2002, tema: Boeken oer boaten), it fleurekleurige Sabeare Heks fan Lida Dykstra (2005, De Toverakademy) en Lit mij mar rinne fan Anny de Jong (2006, Boeken oer bisten) dêr’t fan de titel in sterk refrein makke is.
It gedicht De Tiidmasine fan Smink -in tige koarte, boartlike tekst- kontrastearret skerp mei wurk fan syn opfolgers. Smink brûkte inkeld trije wurden: Doe, No en Dan en fariearre dêrmei. Nan ’en Ankie makken der in mantra fan, dy’t se sjonge mei in licht, robot-achtich effekt op de stim. It is in hiel betsjoenend, sfearfol stik wurden dat der net allinne tekstueel, mar ek muzikaal útpykt.
It boekje by Smûzje sjocht der fraai út. Yllustratrise Yke Reeder makke in smaaklik omslach en alle postergedichten binne der yn werom te lêzen. Mar it byldwurk, dochs in essinsjeel ûnderdiel fan poëzyposters, ûntbrekt. De bydragen fan yllustrators as Marijke Klompmaker, Helena de Boer of Misja Sirag, dêr siket men om de nocht om. Se wurde ek nerges neamd. In miste kâns by in fierders moai slagge ûndernimmen.
Nan’en Ankie - Smûzje
CD-Recensie
Alle jierren organisearret Stichting It Fryske Berneboek de berneboeketiid. In fêst ûnderdiel dêrfan is de poëzyposter. In dichter wurdt keppele oan in yllustrator en tegearre meitsje dy in poster dy’t by skoallen en biblioteken delstjoerd wurdt. De earste poster ferskynde yn 1997. It tema fan de berneboeketiid wie doe “Eartiids yn berneboeken.” ...