De Alde Friezen sil grif, noch foar In Nije Dei en Wêr Bisto it bekendste liet fan Fryslân wêze. De tekst is lang lyn optekene troch de Grouster dokter, dichter en skriuwer Eeltsje Halbertsma. It waard yn 1829 meinommen yn de twadde printinge fan it folksboek De Lapekoer fan Gabe Skroar. Letter kaam der in bewurke ferzje yn it Frysk Lieteboek en hjoed de dei is it alhiel net mear út de Fryske kultuer wei te tinken. Sa wurdt it al jierren, by wize fan klup- en folksliet, troch tûzenen fuotbalfans songen, yn it brûzjende Abe Lenstra-stadion, foar de thúswedstriden fan SC Heerenveen.
It “Frysk Bloed tsjoch op” is no ek te beharkjen yn in daverjende punkfariant. De Sint-Nykster tongercore-band Jitiizer (gleon sûnt 1991) geat in eigen ferzje, ûnder de titel De Nije Friezen, yn raphurdzjend muzikaal beton. Foar in kollektyf dat mei bekend stiet om har Fryske flaggebroeken, is it net in raar nûmer om yn it repertwaar op te nimmen. Tegearre mei in oade oan de Fryske frijheid (Heitelân) is dit folksliet útbrocht op sa’n tige kompakte USB-stick (ek wol Flash Drive neamd, of -yn helder Frysk, ‘knoopke’). Dy prikst yn de computer en dan krijst der ek noch in hiele swik foto’s (ûnder oaren fan Jitiizer mei pompeblêden yn New York), in screensaver en twa fideoklips op ta. Wa’t net allergysk is foar teksten as “De frijheid sit ús yn it bloed” en “Ik wol frijheid foar it Heitelân”, kin der lekker op hollebatse.