Der binne fêst mear dûmny’s dy’t op in proefskrift sitte te stinnen as dûmny’s dy’t de muzykstudio yndûke. Gerard Rinsma luts yn de simmer foar syn fyftichste jierdei de studearkeamer yn om ferskes op te nimmen. Hy die de doar op ’t slot en sette de telefoan út. It iennichste lûd dat bûten himsels om noch te hearren wie, wie it fluitsjen fan klysters yn ’e tún. No, in pear moanne letter, is de frucht fan syn krewearjen foar elkenien te beharkjen. De cd hjit fan In minske sin... is in minske libben.
Rinsma is net allinne dûmny en muzikant. Hy is ek al in tal jierren Fries-om-utens, want hy wennet en wurket yn it Limburchse Roermond. Oarspronklik komt er fan De Gordyk en dêr sette er ek de earste stappen yn it muzikantebestean. Hy makke diel út fan it engazjearre folk-sextet Gysbert, dat yn de jierren tachtich trije elpees útbrocht. Yn 1991 stie er as solist mei it ferske Dyn triennen yn de finale fan it sjongfestival Liet. Nei dy tiid hat er as strjittemuzikant aktyf west.
Mar leafst 22 ferskes út syn repertoire hat er op In minske sin fêstlein. Fan de fleurige iepener De sinne skynt ek foar dy ôf, klinke helder ynfloeden út de sixties yn syn spyljen en sjongen werom. Foaral it sprankeljende elektryske folklûd fan The Byrds hipt jin yn ’e earen. De licht nasale stim fan Rinsma docht ek oan Byrds-sjonger Roger McGuinn tinken. Rinsma docht dêr fierders net geheimsinnich oer: yn Flower power op ‘e Jouwer sjongt er oer syn jonge jierren en neamt er Byrds, Animals en The Beatles as in pear fan syn favoriten.
Njonken alle eigen nûmers, steane der mar leafst acht covers op dizze cd. Krekt as yn it libben sels, giet Rinsma by it oersetten fan de boarneteksten syn eigen wegen. Sa feroaret Fool on the hill (fan The Beatles) yn Vlodrop Stasjon. De Fryske tekst giet oer Maharishi Mahesh Yogi, dy’t - krekt as Rinsma - syn bertegrûn ferliet en nei Limburch ferhûze: ‘ik koe him sawat net werom / de goeroe fan de Beatles /... / praat troch de ynterkom / en hellet alle dagen blommen / op Vlodrop Stasjon.’ Wa’t goed harket heart yn dit ferske de klysters yn Rinsma syn tún.
In minske sin... is foar 10 euro (eksklusyf ferstjoerkosten) te bestellen by Rinsma sels: Gerard Rinsma, Schout Offermanstraat 34, 6042 XS Roermond. De helte fan de opbringst giet fia de stichting Help Mij Leven nei de strjittebern yn Rio de Janeiro